Friesland is een provincie in het noorden van Nederland. Friesland telt 647.696 inwoners (30 september 2011). De hoofdstad is Leeuwarden. Zowel het Fries als het Nederlands heeft in de provincie de status van bestuurstaal.

In het oosten wordt Friesland begrensd door Groningen en Drenthe, in het zuiden door de provincies Overijssel en Flevoland, in het zuidwesten door het IJsselmeer en in het westen en noorden door de Waddenzee. Door de Afsluitdijk is Friesland verbonden met Noord-Holland.

Qua totale oppervlakte (land + water) is Friesland de grootste provincie, en qua landoppervlakte is het de derde grootste provincie.

 

Plaats

Inwonertal

1.

Leeuwarden

95.327

2.

Drachten

44.795

3.

Sneek

33.000

4.

Heerenveen

29.750

5.

Harlingen

15.878

6.

Joure

13.045

7.

Franeker

12.997

8.

Dokkum

12.970

9.

Wolvega

12.738

10.

Lemmer

10.050

 

Nieuws uit Fryslân

Omrop Fryslân - Alle dagen nij!

Lêste 10 nijsberjochten fan Omrop Fryslân
  • By hockeyklup De Graspiepers yn Drachten wurdt dit wykein 24 oeren lang spile. Dit docht de klup om jild op te heljen foar nije fjilden. Dêr is sa'n 200.000 euro foar nedich. In grut part fan it bedrach wurdt betelle troch de gemeente Smellingerlân, mar de hockeyklup moat sels ek 50.000 euro byelkoar bringe. De âlde fjilden binne mear as 15 jier âld en oan ferfanging ta. As der gjin nije fjilden komme, kin it wêze dat der fan it hockeybûn gjin wedstriden en trainingen mear plakfine meie, sa seit foarsitter Marijn Wolters.

  • Fryske en Grinzer garnalefiskers hawwe freed aksjes holden tsjin de saneamde pulsfiskerij. De fiskers hawwe fearn mei in swarte flagge. Se binne lilk om't 80 pulsfiskers yn België tastimming krigen hawwe foar in proef. Neffens de Fryske en Grinzer fiskers is dat in bedriging foar harren takomst. By pulsfiskerij wurde de fisken fongen troch in koarte elektroanyske puls troch it wetter te stjoeren. Neffens de foarstanners soe dat foar minder fersteuring fan de seeboaiem soargje. De noardlike garnalefiskers binne it dêr net mei iens.

  • De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys ha freed yn Amsterdam de bekerfinale tsjin Pernis teloarstellend mei 5-2 ferlern. De tsjinpartij kaam al gau op in 1-0 foarsprong. Dat wie ek stân by it skoft. Yn de twadde helte sochten de Friezen de oanfal, mar it wie Pernis dat skoarde. Lotte Donath fan Drachtster Boys soarge noch wol foar de oanslutingstreffer. Mar it waard 3-1. Coach Jos Alkema probearre noch fia in time-out syn ploech yn de race te hâlden, mar Pernis rûn fierder út nei 5-1. Shannon Viet soarge noch foar de 5-2.

  • It Harnzer Ierdewurk- en Tegelfabryk is de ôfrûne moannen flink ferboud en in grut part fan de masines en foarried is nei in depot brocht. Der lizze fiergeande plannen om it ieuwenâlde fabryksgebou oan de Foarstrjitte yn te rjochtsjen as 'beleefcentrum' fan Frysk ierdewurk. Op dit stuit wurdt wurke oan in ûndersyk nei de mooglikheden. Yn it takomstige sintrum is gjin romte foar it opslaan fan in grutte foarried oan wurken.

  • Preparateur Chris Hamstra fan Harns hat de snieûle, dy't begjin maart dea fûn waard op Flylân, opset. De seldsume snieûle komt nei alle gedachten fan de toendra's út Skandinavië en is op it waadeilân hingjen bleaun. It úthongere bist oerlibbe it úteinlik net troch it ûntbrekken fan geskikt fretten op Flylân. Yn Wageningen is de fûgel ûndersocht. Hamstra hat wol faker in snieûle opset, mar noch nea in wyldenien. It wie foar him in bysûndere put. De preparateur hat der sawat fjouwer wiken mei dwaande west.

  • Dútske toeristen stiene freedtemoarn al yn de file rjochting Nederlân en Fryslân. Dit peaskewykein set op in soad plakken it toerismeseizoen útein. De Dútsers hawwe ek nochris trije wiken fakânsje. De earste sifers binne goed, want kempings, hotels en boatsjesferhierders hawwe in soad boekings krige. Benammen it marregebiet yn Súdwest-Fryslân en de Waadeilannen binne populêr. Mar ek de regio Noardwest-Fryslân en it boskgebiet by Bakkefean dogge it goed. Njonken Dútsers witte Belgen Fryslân ek hieltyd better te finen.

  • Fuotbalbûnscoach Louis van Gaal hat freed op besite west by fuotbalklup Drachtster Boys. Hy die dat yn it ramt fan seleksjedagen fan ballejonges en -famkes foar wedstriden foar it Nederlânsk alvetal. De jeugd út de regio makket dêrby kâns om selektearre te wurden foar de saneamde útswaaiwedstriden' fan it Nederlânsk alvetal foardat se ôfreizgje nei it wrâldkampioenskip yn Brazilië yn juny. De earste oefenwedstriid fan Nederlân is op 17 maaie tsjin Ekwador. Louis van Gaal hat ek noch in training jûn oan de jeugd yn Drachten.

Contact Informatie

  • Adres: Vlijtseweg 188e, 7317 AL Apeldoorn
  • Tel: 055 355 54 70
  • Email: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
  • Website: http://www.4U-Onlinemedia.nl

Alle Actueel websites

Over 4u online media

Voor webhosting of design van uw website bent u bij ons aan het juiste adres. Een unieke persoonlijke service en een optimale prijs/kwaliteitsverhouding in onze dienstverlening, zijn de belangrijkste peilers van 4U OnlineMedia